Schutte waard nei de mulo yn 1956 gemeenteamtner by de gemeenteGiessenburg. Dêrnei wurke er by de gemeenten Schoonhoven, Elst en Nieuwpoort. Yn 1968 kaam er as plakferfangend gemeentesekretaris by de gemeente Zeist telâne dêr't er oant 1981 oan ferbûn bliuwe soe.
Schutte folge fan 1956 oant 1965 ferskate opliedings op it mêd fan de legere oerheid. Fan 1969 oant 1974 joech er sels les yn gemeenterjocht oan soksoarte opliedingsynstitút.
Schutte wie fan 2001 ôf lid fan de Kiesried. Fan 2003 oant 2005 late er in ûndersyk nei de HBO-fraude. Begjin 2005 wie er lid fan de kommissy dy't dwaande wie mei de tarieding fan it referindum oer de Europeeske Grûnwet en twadde helte 2006 hie de lieding oer in ûndersyk nei in grut ûngemak (mei ien deade en tweintich ferwûnen) yn de binnenstêd fan Utert.