Gerrit van de Werfhorst (Swol, 12 july1950) is in byldzjend keunstner en elektrotechnikus Ășt it Siuwske Oost-Souburg.
Syn aktiviteiten besteane Ășt skilderjen, fotografearjen en muzyk meitsjen. Gerrit is in autodidakt mei in foarkar foar realistysk wurk dat benammen bestiet Ășt lĂąnskippen en bisten yn de natoer. Sa skilderde hy bygelyks de Veerske Mar, Drinte, de koalmies, fleanende einen, mokselsiker, poddestuollen en stillibbens.
Hy skildert meast mei oaljeferve op doek, linnen en paniel.