Van Houten skildere stillibbens, portretten, stedsgesichten en lânskippen[1] yn in naturalistyske styl mei in ympresjonistyske ynslach. Lânskippen skildere er fral yn de omkriten fan Grins en Almelo, dêr't syn memme famylje wei kaam. depresjes makken dat syn sûnens hurd efterút gie. Hy waard om 1892 hinne opnaam yn sikehûs 'Oud Meerenberg' yn Santpoort en mocht net mear tekenje en skilderje. Hy rekke wei yn Santpoort en waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Grins.
Gerrit van Houten Stichting
Yn 1945 waard in stichting[2] oprjochte dy't de skilderijen, tekeningen en akwarellen fan Gerrit van Houten beheart. Alle fiif jier jout de stichting de Gerrit van Houten Priis oan jonge keunstners. Sûnt 1972 is de stichting eigner fan de Fraeylemaboarch yn Slochteren, dêr't geregeldwei útstallings organisearre wurde.
Literatuer
Houten, Alida van (1940), Gerrit van Houten, zijn levensbeschrijving met reproducties zijner werken. De Haach: Martinus Nijhoff
Oosterhoff, T. (2002), Het dikke hart. Roman. Amsterdam: De Bezige Bij