Gerda Johanna Marie van der Kade-Koudijs (Rotterdam, 29 oktober 1923 – Almelo, 19 maart 2015) wie in Nederlânsk atlete. Hja eksellearre op de sprint, de horden en by it fierspringen yn de perioade om de Twadde Wrâldoarloch.
Libben
Op grûn fan har prestaasjes hearde de Rotterdamske atlete sûnder mis thús yn it rychje fan atletes fan wrâldklasse. Se hie lykwols de pech dat se har topprestaasjes levere yn it tiidrek Fanny Blankers-Koen. Hjirtroch bleau se altiten wat yn it skaad fan de 'Fleanende Húsfrou' út Hoofddorp. Yllustratyf is bygelyks, dat Gerda van der Kade-Koudijs yn 1944 op de 100 yards mei 11,0 s mar twatsiende en op de 80 m horden mei 11,4 mar ientsiende boppe it WR bleau. Beide wrâldrekords wienen yn handen fan Fanny Blankers-Koen..
Har earste grutte ynternasjonale oerwinning helle Van der Kade-Koudijs yn 1946 doe't hja yn Oslo, by de earste Europeeske Kampioenskippen Atletyk nei de Twadde Wrâldoarloch, Europeesk kampioene fierspringen waard. Op de 100 m einige se as sechsde. In twadde gouden medalje ferovere se yn Oslo as lid fan de 4 x 100 m frouljusestafetteploech, mei Fanny Blankers-Koen, Martha Adema en Nettie Witziers-Timmer.
Har grutste súkses wie it Olympysk goud dat hja yn 1948 op de Spullen fan Londen wûn mei de 4 x 100 m estafetteploech. Krektas yn Oslo makke neist Gerda van der Kade-Koudijs ek Fanny Blankers-Koen en Nettie Witziers-Timmer diel út fan dy ploech, dy't diskear oanfold wie mei Xenia Stad-de Jong as startrinster. Dêrneist miste hja op dy Spullen by it fierspringen de brûnzen medalje mei in heale sintimeter.
De jûchheistimming dy't nei de Spullen yn Nederlân ûntstie, wie oars hast hielendal rjochte op Fanny Blankers-Koen, de 'fleanende húsmem'. Foar de oare oranjebroeken wie it suver ûnmoglik it ljocht fan de skynsmiters op har rjochte te krijen. Letter soe hja dêroer sizze: 'Wy dielden fansels yn de wille, mar dochs mear as dekor.'[1]
Gerda van der Kade-Koudijs wie trijeris lid fan in estafetteteam dat in wrâldrekord ferbettere. By nasjonale kampioenskipppen ferovere hja yn totaal njoggentjin medaljes, wêrfan der 'mar' trije goudkleure wienen, wat nochris de oerhearsking fan Fanny Blankers-Koen yn har tiidrek yllusterearret. Se sette yn 1953 in punt efter har atletykloopbaan, nei de berte fan har twadde dochter.
Yn har aktive tiid wie Van der Kade-Koudijs oansluten by it Rotterdamske Victoria. Se wie ien fan de mei-oprjiocht(st)ers fan Atletykferiening Impala yn Drachten. Gerda van der Kade-Koudijs ferstoar op 19 maart 2015 yn de âldens fan 91 jier.
Kampioenskippen
Europeesk kampioenskippen
Underdiel
|
jier
|
fierspringen |
1946
|
Nasjonale kampioenskippen
Underdiel
|
jier
|
200 m |
1942, 1943
|
fierspringen |
1943
|
Persoanlike rekords
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Ut Gerda Koudijs troch Ben de Graaf (1999), publisearre yn De Top 500, De beste Nederlandse sporters van de eeuw, boarne: sjoch hjirboppe
- Blankers, J., Haitsma, J. en Moerman, J. - Gouden boek der K.N.A.U., Utjûn by gelegenheid fan it 50-jierrich. N.V. Drukkerij Joh. Mulder (1951)
- Koumans, J. - De 50 besten "aller tijden" KNAU (1972)
- Ben de Graaf - Gerda Koudijs, publisearre yn De Top 500, De beste Nederlandse sporters van de eeuw Premium Press DV Publishers ISBN 90-76574-04-9 (1999)
- Heere, A. en Kappenburg, B. - 1870 – 2000, 130 jaar atletiek in Nederland Groenevelt b.v. ISBN 90-90-12867-0 (2000)
- Kooman, K. - Een koningin met mannenbenen L.J. Veen ISBN 90-204-0820-8 (2003)
- Fotoside op www.atletiekhistorici.nl mei û.m. foto fan Gerda Koudijs
|