Gemma Frisius waard berne yn Fryslân yn in earme húshâlding. Hy wie as bern kreupel, mar dat gie letter oer. Hy studearre oan de Katolike Universiteit Leuven ûnder oaren wiskunde en astronomy. Mei dy kennis begûn er mei it meitsjen fan wrâldkaarten.
Tegearre mei in lokale goudsmid makke er wrâldbollen om syn kaarten yn in realistyske foarm wer te jaan. Ek ferbettere er de atlas fan Petrus Apianus. Hy makke in soad astronomyske ynstruminten om bygelyks de lingtegraad te mjitten. Syn ideeën beskreau er yn boeken mei in protte ôfbyldings. Ut dy ideeën binne letter in protte ûntdekkings dien, lykas ek ús ûntdekking fan de camera obscura. Frisius wie ien fan de earsten dy’t it idee fan in kamera op papier setten hat.[1]
Titelside fan Arithmeticae practicae methodus facilis
Literatuer
N. Haasbroek: Gemma Frisius, Tycho Brahe and Snellius and their triangulations. Delft 1968 Online, pdf
Robert Haardt: The globe of Gemma Frisius. Imago mundi, Bd. 9, 1952.
W. Karrow: Mapmakers of the Sixteenth Century and Their Maps. Chicago 1993.
G. Kish: Medicina, mensura, mathematica: The Life and Works of Gemma Frisius.Minneapolis 1967, mei ek syn artikel yn de Dictionary of Scientific Biography
A. Pogo: Gemma Frisius, his method of determining longitude. Yn: Isis. Bd. 22, 1935, s.469-485.