Fryske krûdkoeke is in koeke dy't by de kofje iten wurdt. Der binne in soad farianten fan krûdkoeke; de Fryske krûdkoeke is in lokale fariant. Alle bakkers hawwe lykwols harren eigen resept, dat de Fryske krûdkoeke ferskilt de bakker. Eartiids waard de koeke ek wol yn oare resepten ferwurke, bygelyks yn fleisgerjochten. De moderne Fryske krûdkoeken hawwe ek wol oar soarte yngrediïnten as nútsjes en konfijte stikjes tropyske fruchten.