De Frjentsjerter Fiifdielen wie in jongere namme foar ien fan 'e âlde distrikten fan it FryskeWestergoa, dat oarspronklik bekend stie ûnder de namme Frjentsjer of in fariant dêrfan. De namme tsjut op de fiif gearwurkjende fiifdielen fan dat distrikt. De reden foar dy namme wie dat de stêd Frjentsjer it sintrum fan dit distrikt wie yn in tiid dat de âlde Middelsee it gebiet noch skate fan Ljouwert. De Frjentsjerter Fiifdielen moatte net betize wurde mei de Frjentsjerter Fiifgea, dat in gearwurkingsferbân tusken fiif doarpen yn âlde Frjentsjerteradiel wie.