Frans Haarsma (Balk, 19 july 1921 – Nimwegen, 25 novimber 2009) wie in katolike preester fan it aartsbisdom Utert, teolooch en heechlearaar oan de Radboud Universiteit Nimwegen fan Frysk komôf.
Libben en wurk
Haarsma kaam út in grut slachtersgesin. Hy waard opbrocht troch in omke en muoike yn Bakhuzen dy't gjin bern hiene. Mei tolve jier nei it lytsseminaarje.[1]
Nei syn preesterwijing dosearre er ynearsten dogmatyk oan it grut-seminaarje Rijsenburg (Driebergen). Doe't alle seminaarjes yn 1967 opheft waarden, helle de Universiteit Nijmegen Haarsma yn om les te jaan yn de pastoraalteology; Haarsma fielde him as dogmatikus dêrta eigentlik net roppen, mar liet him oerhelje [2]. Nei syn promoasje op it wurk fan de protestantske teolooch Oepke Noordmans bleau er heechlearaar yn Nimwegen.
Yn de jierren foar, fan en nei it Twadde Fatikaansk Konsily wie er nau belutsen by hast alles wat him op it geastlik hiem fan de Katolike Tsjerke yn Nederlân ôfspile [3]. Yn de jierren santich wie er ûnder mear foarsitter fan de Sint-Willibrordferiening foar de oekumene. Yn die jierren waard syn namme neamd as mooglik opfolger fan kardinaal Alfrink, mar dat waard Johannes Willebrands.
Oars as in protte oare geastliken bleau Haarsma trou oan syn Tsjerke, nettsjinsteande syn krityk op en noed oer it belied fan de Nederlânske biskoppen. Yn ûnder oaren de publikaasjes Morren tegen Mozes en Kandelaar en korenmaat tsjûget er dêrfan; en ek yn de ôfskiedsbondel fan kollega's Toekomst voor de Kerk?
Haarsma wie oant syn dea tsientallen jierren iepenlik befreone mei de feministysk teologe en kollega oan deselde universiteit (oant beide mei emeritaat giene), Catharina Halkes (1920-2011). Sy en har bern ûndertekenen mei de famylje Haarsma ek de rou-advertinsje.
Publikaasjes
- Frans Haarsma, Walter Kasper, Franz-Xaver Kaufmann: Kirchliche Lehre, Skepsis der Gläubigen, Herder 1970
- Frans Haarsma: Grondslag En Identiteit, Tjeenk Willink 1975, ISBN 9001332188
- Frans Haarsma: Morren Tegen Mozes: Pastoraal-Theologische Beschouwingen over Het Kerkelijk Leven, 1981, ISBN 9024204895
- Frans Haarsma: Zinervaring in De Hedendaagse Cultuur, Ambo 1982, ISBN 9026305656
- Frans Haarsma; Pastoraat in de stad van de mens, ôfskiedsrede 1984
- Frans Haarsma: Kandelaar en korenmaat, pastoraal-teologyske stúdzjes oer tsjerke en pastoraat, Kok, Kampen, 1991
- Frans Haarsma, mei yllustraasjes fan Frederick Franck: Watching the Vatican, Valkhof 1999, ISBN 9056250671
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Priester gebleven, ondanks alles, Monic Slingerland, Trouw, 14 desimber 2009
- ↑ Geestelijke bevrijders, Nederlandse katholieken en hun beweging voor geestelijke volksgezondheid in de 20e eeuw, door Hanneke Westhoff, p.447
- ↑ 'Het verraad der clercken - Intellectuelen en hun rol in de ontwikkelingen van het Nederlands katholicisme na 1945', fan Ed Simons en Lodewijk Winkeler. (Arbor, 1987)
|