It fort waard yn 1673 boud op it plak dêr't doe al fan 1589 ôf in skâns lei. It fort hie as doel it beskermjen fan de lântrochgong tusken de Naardermar en de Vecht. Ek koe it de buorforten mei syn geskut helpe. It beskerme de slûs wêrmei't it lân Ûnder wetter setten wurde koe.
Hjoeddeiske situaasje
It fort hat al lang gjin militêre funksje mear. Fan it oarspronklike fort is net folle mear oer; de festinggrêft leit der noch en fan de gebouwen steane allinnich noch it toerfort en in kanon yn de remise. De toer dy't útsjocht oer de Vecht is restaurearre yn 2007. It wie lange tiid yn gebrûk as munysje-opslachplak en letter as wurkromte foar de provinsje Noard-Hollân. Op 22 april 2009 hat de provinsje it fort oerdroegen oan de Stichting Uiteraard Uitermeer dy't it terrein fierder ûntwikkelje sil [1]. Der is in kuierrûte om it fort en troch resint graafwurk is de âlde slûs fan de 's-Gravelandsefeart, dy't yn 1878 bûten it fort brocht is, wer sichtber wurden.