Flagge fan Raard
De flagge fan Raard is de flagge fan it doarp Raard , yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân . De flagge is yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
De beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield, fanôf de broek wyt-blau; yn it wyt in swarte W fan in tredde flaggehichte mei boppe de earste helte fan de W in grien klaverblêd.
De kleuren komme út it wapen fan Raard .
Symbolyk
Skeane yndieling: ferwiist nei it wapen fan West-Dongeradiel , de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
Letter W en klaverblêd: oernommen fan út it wapen fan de famylje Van Kleffens . De letter W út it wapen ferwiist nei stamfaar fan de famylje: Oege Thomass, yn de âlde stavering Wge Thomass.
Sjoch ek