It Fatikaansk Museum (Italjaansk: Musei Vaticani), oprjochte yn 1506, befettet de keunstsamling fan de Paus, en is fêstige yn it lân Fatikaanstêd. De samling is ien fan de wichtichste en grutste fan de wrâld en omfettet saken út it âlde Egypte, Klassike âldheid, it âlde Rome, keunst út de iere Kristentiid en midsiuwen, keunst fan de renêssânse, moderne keunst en folkskunde samling. It meast wiidferneamde part, dy by in museumbesite te sjen is, is de Sikstynske Kapel. Eltse lêste snein fan de moanne kinst fergees de musea besjen. In tocht troch de ferskate musea is sân kilometer lang. Somtiden moast wol mear as in oere wachtsje.
Ofdielings fan it Fatikaansk Museum
Fatikaanske Museum algemien
Museo Gregoriano Egizio
Museo Gregoriano Etrusco
Musei di Antichità Classiche
Museo Pio Cristiano (mei de Lapidari Cristiano en Ebraico)