Farao is de titel dy't gelyk stiet oan hege kening, en dy't tsjintwurdich brûkt wurdt om alle keningen oan te tsjutten dy't yn 'e Aldheid oer Egypte regearren. Histoarysk sjoen kaam dizze titel lykwols pas yn gebrûk yn 'e tiid fan it Nije Keninkryk, om sekuerder te wêzen ûnder de midden fan 'e Achttjinde Dynasty, nei it regear fan keninginneHatsjepsût (reg. 1508-1458 f.Kr.). It wurd is ôflaat fan pr-ˤ3 (transliterearre út hieroglifysk skrift), dat fan oarsprong "keninklik paleis" betsjutte, mar úteinlik de oantsjutting waard foar dejinge dy't dêr wenne.
Assmann, Jan, Der Mythos des Gottkönigs im Alten Ägypten, yn: Schmitz, Christine, en Bettenworth, Anja, (red.), Menschen - Heros - Gott: Weltentwürfe und Lebensmodelle im Mythos der Vormoderne, Stuttgart, 2009 (Franz Steiner Verlag), s. 11-26.
Gardiner, sir Alan, Grammar: Being an Introduction to the Study of Hieroglyphs (3de edysje, op 'e nij besjoen), London, 1964 (Oxford University Press).
Shaw, Garry J., The Pharaoh, Life at Court and on Campaign, 2012 (Thames and Hudson).