Fan Holkema (Van Holkema) is in fan oarsprong Fryskgeslacht dat in bekende skriuwer, predikanten en de útjouwers fan Van Holkema & Warendorf levere.
Skiednis
De stamrige begjint mei Jacob Gijsberts Holckema (1579 -1655) dy't boargemaster fan Boalsert wie, de heit fan Gysbert Japicx. Fan de fiifde generaasje ôf levere it laach predikanten. Yn 1878 waard Tjomme van Holkema (1843 -1891) grûnlizzer fan de útjouwerij Van Holkema & Warendorf, dêr 't ek syn soan direkteur en fennoat fan waard. Yn 1987 ferstoar de lêste telch fan it geslacht dat yn it Nederlân's Patriciaat fan 1951 opnommen wie.
In pear telgen
Jacob Gijsberts Holckema (1579-1655), boargemaster fan Boalsert
Arjen Buwalda van Holkema (1873-1953), útjouwer Van Holkema & Warendorf
Maria Coletta Jacoba van Holkema (1902-1986); troude yn 1923 mei Ferdinand Cornelis Daniel Mari Rauwenhoff (1896-1979), assuradeur en telch út it geslacht Rauwenhoff
Catharina Sophia van Holkema (1904-1959); troude yn 1928 mei Balthazar Heldring (1900-1964), direkteur kakao- en sûkeladefabryk en telch út it laach Heldring
Johanna Jacoba van Holkema (1908-1987), lêste telch fermeld yn it "Nederland's Patriciaat"