Teminsten 100 skippen giene ferlern yn de omkriten fan Kaap Hoarn tusken 1850 en 1900.[1] Der wiene trije farrûtes troch of om de regio Fjoerlân: de Drake Passaazje (om Kaap Hoarn hinne), de Strjitte fan Magellaan en it Beaglekanaal. Alle trije wiene gefaarlik yn de tiid fan de sylfeart; allinne de Drake Passaazje hie genôch romte om te lavearjen, dat dy hie de foarkar. Falske Kaap Hoarn, út it westen wei benei kaam, dat oan 'e lijkant, hat wol wat fan de wiere Kaap Hoarn. Dêrfandinne de namme.