Ernst Kasimir wie benammen bekind as in treflik militêr lieder. Hy oermastere in oantal stêden, û.o. Stienwyk en Oldenzaal op de Spanjerts. Troch de bewenners fan Fryslân waard hy tige wurdearre, alhoewol't hy net folle yn Fryslân oanwêzich wie. As tank foar syn militêre súksessen krige hy fan de Friezen de tasizzing dat syn soan him nei syn dea opfolgje mocht.
Yn juny 1632 kaam Ernst Kasimir te ferstjerren doe't hy by in ynspeksje fan rinfuorgen by it Belis fan Roermond troch in kûgel troffen waard. Hy waard opfolge troch syn soan Hindrik Kasimir I.