Eric Arthur Heiden (Madison, 14 juny 1958) is in earder Amerikaansk reedrider. Heiden wûn fiif gouden medaljes by de Olympyske Winterspullen fan 1980 yn Lake Placid. En waard trije kear wrâldkampioen allround, en fjouwer kear wrâldkampioen sprint. Eric Heiden de broer fan earder reedrydster Beth Heiden.
Op de Winterspullen fan 1980 ried Eric Heiden op alle fiif de ôfstannen een Olympysk rekord. Hy wie de earste sporter dy't it slagge om fiif gouden medaljes te winnen op yndividuele nûmmers wilens deselde Spullen. Dizze prestaasje is letter benei kaam troch de Wytrussyske turner Vitali Tsjerbo op de Simmerspullen fan 1992 en de Australyske swimmer Michael Phelps op de Simmerspullen fan 2008. Boppedat is Heiden ien fan de riders dy't sawol medaljes wûn ha op de sprint as op de langere ôfstannen. Earder naam Heiden as 17-jierrige al diel oan de Winterspullen fan 1976 yn Innsbruck.
Heiden stoppe frij abrupt mei reedriden; hy gie hurdfytsen en die yn 1986 mei oan de Omgong fan Frankryk. Dêrnei wurke er as kommentator foar ferskate telefyzjestasjons, en studearre of as ortopedysk sjirurch.
Persoanlike rekords
Ofstân
|
Tiid
|
Datum
|
Baan
|
500 meter
|
37,63
|
13 jannewaris 1980
|
Eisstadion Davos, Davos
|
1000 meter
|
1.13,60
|
13 jannewaris 1980
|
Eisstadion Davos, Davos
|
1500 meter
|
1.54,79
|
19 jannewaris 1939
|
Eisstadion Davos, Davos
|
3 km
|
4.06,47
|
6 maart 1980
|
Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
|
5 km
|
8.17,2
|
10 febrewaris 1979
|
Bislettstadion, Oslo
|
10 km
|
14.28,13
|
23 febrewaris 1980
|
Olympic Skating Rink, Lake Placid
|
Resultaten
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|