Emmy Eerdmans

Emmy Eerdmans
keunstner
Emmy Eerdmans (1957)
Emmy Eerdmans (1957)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Emmerentiana Maria Eerdmans
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 augustus 1931
berteplak Bussum
stoarn 15 desimber 2024
wurkpaad
wurksum as byldzjend keunstner,
keunstskilder, tekener
jierren aktyf 1957-2017
prizen Cohen Gosschalkpriis (1957),
Prix de Rome (1957)

Emmerentiana Maria (Emmy) Eerdmans (Bussum, 30 augustus 1931 - 15 desimber 2024) wie in Nederlânske skilder, tekener en byldhouwer.

Libbensrin

Eerdmans waard oplaat oan de Ryksnormaalskoale voor Tekenûnderwizers en de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam, as learling fan ûnder oaren Gé Röling en Jan Wiegers. Yn 1957 wûn se de Cohen Gosschalkpriis. Yn datselde jier helle se by de Prix de Rome it twadde plak yn'e kategory byldhoukeunst en wûn se yn'e kategory skilderkeunst. Se makke dêrnei in stúdzjereis troch Itaalje en fêstige har yn de sechstiger jierren yn Antwerpen, dêr't se har oplieding ferfolge oan it Nationaal Hoger Instituut.
Eerdmans makke ûnder mear bisten - en figuerfoarstellingen, portretten, stillibbens en stedsgesichten. Njonken har teken- en skilderwurk makke se ek lytsplastiken. Se boaske yn 1963 mei de grafikus Ben Joosten.

Emmy Eerdmans ferstoar op 15 desimber 2024, yn 'e âldens fan 93 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: NL