Ede Staal wie in soan fan Boele Staal, in ûnderwizer en NSB'er. Hy troude en hy krige seis soannen. De húshâlding Staal bewenne ferskate pleatsen yn de provinsje Grinslân.
Ede waard yn 1981 ûntdutsen troch in meiwurker fan Radio Noord, Engbert Gruben dy't al gau yn 'e rekken hie dat Ede wat bysûnders wie. Yn 1982 waard Mien Toentje de werkenningsmelodij fan in túnkersrubryk op Radio Noord. It grappige ferske waard tige populêr en al gau waard Ede dé folksjonger fan Grinslân mei Engbert Gruben as grutste fan. Der kamen in protte oanfragen foar optredens mar dêr gie Ede komselden op yn. Yn 1984 kaam der in plaatsje út mei fjouwer ferskes mei de namme: Man, man, man, wat 'n boudel. Syn seldsume optredens wiene in grut sukses.
Yn desimber 1984 kaam Ede's earste LP út, mei tolve Grinzer ferskes. De plaat mei de titel Mien Toentje wie in geweldich sukses. It tal platen dat ferkocht waard lei op it nivo fan in lanlike topplaat. Yn jannewaris 1985 moast Staal in swiere operaasje ûndergean. Pas yn novimber fan dat jier koe er wer optrede op it Mollebonefestival yn Delfsyl. Begjin 1986 krige Staal in fêste rybryk by it Radio-Noord programma Sloaperstil. Syn teltsjes waarden wykliks útstjoerd op sneintemoarn, en in tal dêrfan binne publisearre yn it blêd Toal en Taiken.
Krekt doe't syn karriêre begon te rinnen waard bekend dat Staal longkanker hie. Op 22 july 1986 is er ferstoarn nei in koarte mar suksesfolle artistyke karriêre yn syn pleats oan de Farmsumerwei ûnder Delfsyl. Yn dat plak is er ek begroeven.
Op 4 oktober1986 kaam postuum syn twadde LP "As vaaier woorden" út. Staal hie yn de lêste moannen fan syn libben noch in belangryk part yn de tariedings.
Syn muzyk waard lanlik en ynternasjonaal bekend trochdat inkele nûmers te hearren wiene yn de film De Poolse bruid. Yn 2001 waard yn Delfsyl in stânbyld fan de folksjonger ûntbleate mei de tekst fan it liet "Credo - Mien bestoan".
Ik wait, der is 'n tied van komen,
En ook 'n tied van goan,
En alles wat doar tussen ligt,
Ja, dat is mien bestoan
Henk van Middelaar, Geef mie de nacht. In biografy fan Ede Staal. Utjouwerij Luminis, ISBN 9072117077
Charles v.d. Broek, Ede Staal getekend (liedjes van Ede Staal in stripvorm), Schiedam: Babylon 2006
Ede Staal, Deur de dook zai ik de moan. Groninger liedteksten van Ede Staal (tekst en gearstalling Siemon Reker), Assen: In boekvorm 2004
Christof Beukema (skilderijen) & Peter Visser (gedichten), Hai nam mie mit. Een hommage aan de Groningse zanger, dichter Ede Staal, Bedum: Profiel 2001
Piet Huizenga (red.), Ode aan Ede. Herinneringen aan Ede Staal, Leens: Verhildersum 2000
Charlotte Mutsaers, Cheese (boek + CD, skreaun en foarlêzen troch Charlotte Mutsaers, mei muzyk fan Ede Staal), Amsterdam: Rubinstein 2003
Ede Staal, Ede's toal. Zuzooien op zundagmörn, Veendam: Staalboek/Groningen: Stichting t Grunneger Bouk 1993 (sprutsen en songen bydragen oan it Radio Noord-programma Sloaperstil, útstjoerd 1985-1986)