George Catlin makke dat jiers in twadde skilderij fan it opperhaad, wêrby't him twaris werjoech om it ferskil yn klaaiïng oan te jaan. In print fan dat skilderij, mei as titel Wi-jún-jon, Pigeon's Egg Head, Going to Washington, Returing to His House, waard tige populêr en rekke sels oare kant de Atlantyske Oseaan bekend, dêr't er yn 1853 ferskynde yn it DútsketydskriftDie Gartenlaube. De ferhalen dy't Dowe-aaiekop oer syn reis nei Washington fertelde, waarden troch de oare Assiniboin alteast foar in part beskôge as optinksels, en yn 1872 kaam it opperhaad yn 'e âlderdom fan 76 jier oan syn ein doe't er troch guon fan syn folksgenoaten fermoarde waard foar syn swetserij fan en 'geliich' oer de blanke kultuer.
Literatuer
● Bakken, Gordon Morris, The World of the American West, 2011 (Taylor & Francis US), ISBN 978-0 41 59 89 954 (s. 190).
● Kort, Pamela, en Hollein, Max, I Like America: Fictions of the Wild West, Frankfurt, 2006 (Prestel), ISBN 978-3 79 13 37 357.