Crowchild waard yn 1946 keazen ta opperhaad fan 'e Sarsy Naasje, in funksje dy't er sân jier útoefene, oant 1953. Yn dy tiid soarge er dat der in skoalle yn it reservaat boud waard, sadat oerheidsynstânsjes brekme oan ûnderwiisfasiliteiten neitiid net mear brûke koene as in argumint om 'e Yndiaanske bern oan it âlderlik gesach te ûntskuorren. Fierders liet Crowchild ek de wegen reparearje en rjochte er in koöperativepleats op yn it reservaat, mei in keppelkij dy't eigendom fan 'e hiele stamme wie. Hy wie in garismatysk persoan, dy't in protte die om it byld te ferbetterjen dat de blanke ynwenners fan Calgary fan Yndianen hiene. Lykwols wegere er en jou de eigen kultuer op, en as er formele gearkomsten yn 'e stêd bywenne, soarge er altyd dat er tradisjonele Yndiaanske dracht oan hie, fearretoai ynbegrepen. Mei dy pronk oan waard er as fertsjintwurdiger fan 'e Sarsy yn 1951 ek yn 'e kunde brocht mei de Britske keninginneElizabeth II en har prins-gemaal, de hartoch fan Edinburch, doe't dy Kanada besochten.
Ek nei't er syn termyn as opperhaad úttsjinne hie, bleau Crowchild belutsen by de polityk. Hy wie lid fan guon kommisjes en siet yn it bestjoer fan ferskate organisaasjes, lykas de Calgary Pioneers and Old Timers Association, de Kanadeeske Ried fan Kristenen en Joaden en de Calgariaanske ôfdieling fan 'e Kanadeeske Boargerskipsried. Al yn 1945 wied er ta foarsitter keazen fan 'e Yndiaanske Feriening fan Alberta (IAA), en by dy feriening bleau er de rest fan syn libben belutsen. Hy gie sels in pear kear as fertsjintwurdiger fan 'e Albertaanske Yndianen nei de Kanadeeske federale haadstêdOttawa ta. Tagelyk wie syn frou Daisy belutsen by in grut tal frouljusorganisaasjes.
Yn 1971 besleat de gemeenteCalgary om noch by syn libben it Crowchild Trail nei Crowchild te ferneamen. Dat is in autosnelwei dy't oer in ôfstân fan rom 22 km út noardwestlike rjochting nei Calgary ta liedt. Hjoed de dei is it ien fan 'e wichtichste ferkearsieren fan 'e stêd. Crowchild hie de eare om 'e dyk eigenhandich te iepenjen. Dêrby spriek er de wurden: "Lit dit linte dat ik hjir trochknip in symboal wêze foar it trochsnijen fan alle barriêres tusken alle folken oant yn ivichheid. Dat in elk dy't it Crowchild Trail brûkt yn beide rjochtings feilich en mei weardichheid reizgje mei en yn freonskip mei eltsenien." David Crowchild ferstoar op 10 april1982 yn it Sarsy Reservaat ûnder Calgary, twa dagen foar syn 83e jierdei.
Chief David Crowchild Memorial Award
De Chief David Crowchild Memorial Award is in nei Crowchild ferneamde ûnderskieding dy't sûnt 1986 op jierlikse basis útrikt wurdt troch de gemeenteCalgary oan in persoan, groep of organisaasje dy't krewearre hat foar ynterkultureel begryp tusken de lânseigen en net-lânseigen kultueren yn Calgary, dy't besocht hat om 'e Kanadeeske maatskippij yn it algemien de wearde en unykheid fan 'e lânseigen kultueren by te bringen, en dy't Yndianen en leden fan oare lânseigen groepen oanfitere en/of ûnderstipe hat op it mêd fan ûnderwiis, wurk en oplieding.[1]