- Dizze side giet oer de gemeente Dalfsen. Foar it doarp Dalfsen, sjoch: Dalfsen (doarp).
Dalfsen (Nedersaksysk: Dalsen) is in doarp en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 29.733 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 178,54 km² (dêrfan 1,54 km² wetter). De gemeente Dalfsen is yn 2001 ûntstien út 'e fúzje fan 'e eardere gemeenten Nieuwleusen en Dalfsen.
Plakken
De gemeente Dalfsen bestiet út 6 doarpen en twaentweintich buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Dalfsen, dat ek it grutste doarp is.
Ferkear en ferfier
Troch de gemeente rint it spoar fan Swol nei Stêdskanaal it spoar einiget hjoed de dei yn Emmen mei ien stasjon yn de gemeente Dalfsen Dalfsen. It busferfier wurd fersoarge troch EBS ûnder de oerkoepeljende namme RRReis. De provinsjale diken N340 (Swol - Ommen - Arriërveld), de N348 (Dimter - Wesepe - Raalte - Ommen) en de N377 (Hasselt - Coevorden) trochkruse de gemeente.
Lizzing
De gemeente is ûnderdiel fan de lânstreek Sallân. Eastlik fan de gemeente Dalfsen leit de stêd Swol, Dalfsen leit besúden fan de gemeente Staphorst en westlik fan Ommen. Besúden fan Dalfsen leit de gemeente Raalte.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|