It Dútske idealisme wol hawwe dat ynsjoch en feroaringen earst op it nivo fan de ideeën barre moatte. Dy feroarings en ynsjoggen soene dêrnei harren útwurking hawwe moatte op de realiteit. De 'Dútske idealisten' arbeiden meielkoar oan in grûnslach foar in systematyske ienheid fan de garre kennis. Sy wurde dêrom ek wolris de lêste grutte systeemfilosofen neamd.
Betsjutting fan 'idealisme'
It wurd 'idealisme' hat mear as ien betsjutting. De filosofyske betsjutting hat neat te meitsjen mei "it bêste oer minsken en harren kwaliteiten tinken", mar slacht op ús kennis oer 'objekten'. Wy kinne allinne direkt witte fan gefoelens, ideeën en foarstellingen yn ús tinzen. Objekten kinne wy allinne yndirekt waarnimme; de ideeën fertsjintwurdigje dy objekten. Yn dy betsjutting kin it wurd 'idealisme' by it Dútske idealisme brûkt wurde.
Kant (1724-1804) wurdt soms sjoen as de earste Dútske idealist. Kant syn wurk besiket in brêge te slaan tusken de twa oerhearskjende filosofyske skoallen fan de 18e iuw:
it empirisme, dat hawwe wol dat kennis allinne mei de sinnen krige wurde kin.
Kant syn foarslach wie dat guon feiten oer de wrâld allinne mat mei de sintugen ûnferfûn wurde kinne, mar dat de “foarm” dy't sy oannimme moatte, foarôfgeand oan de ûnderfining witten wurde kin. “Wat binne de betinksten foar de mooglikheid fan witten?” (Was sind die Bedingungen der Möglichkeit von Erkenntnis? ). Hy ferklearret syn filosofy dêroer yn syn Krityk fan de suvere rede.
It Dútske idealisme wie in reaksje op de Frânske Revolúsje. Wylst de Frânsken de politike oardening omsmieten en in nije steat skiepen, seagen de Dútske filosofen en dichters allinne it útwrydske en woenen sy troch ûnderrjocht de ideeën fan de minsken beynfloedzje. Sadwaande soe, hopen sy, it nije tiidrek him organysk ûntjaan, sûnder geweldsútbarstingen sa as yn Frankryk.
Krityk
De earste fundamintele krityk op it Dútske idealisme waard formulearre troch Marx en Engels yn harren wurk De Dútske ideology. Dêryn beskriuwe sy de libbensomstannichheden fan de minske yn gearhing mei syn tinzen. De libbensomstannichheden fan minsken ferskille bot fan elkoar. Ut dat ferskaat komt de hiërargyske oardering fan de klassen fuort. Tinkgoed wurdt dêrby brûkt om masterskip te fêstigjen. It doel fan de hearskjende klasse is, it bewustwêzen fan de oerhearske klasse te kontrolearjen.
Literatuer
Otto Willmann: Geschichte des Idealismus, Band I (1973), Band II (1975) und Band III (1979), Aalen. ISBN 3-511-03709-3
Hans Jörg Sandkühler: Handbuch Deutscher Idealismus. Stuttgart 2005. ISBN 3-476-02118-1
Gerhard Gamm: Der Deutsche Idealismus. Ditzingen 1997. ISBN 3-150-09655-3