Bernard waard berne yn 'e omkriten fan Saint-Julien, yn it departemintRône; hy wie de soan fan Pierre François Bernard (wynboer en út en troch ûnderwizer) en Jeanne Saulnier. Bernard gie nei in jezuïeteskoalle yn Villefranche-sur-Saône en dêrnei nei it Collège de Thoissey. Doe't er 18 wie, waard er learling-apteker omdat syn âlden syn stúdzje net betelje koene.
Neidat Bernard syn bakkalaureaat behelle, meldde er him oan by de universiteit fan Parys foar de stúdzje genêskunde. Hy studearre yn 1843 ôf, mar hat nea in praktyk as arts hân.