Foar har politike karriêre wie sy oan it wurk as abbekaat by Baker & McKenzie. Sy wie minister fan Bûtenlânske Hannel fan 2005 oant 2007 en minister fan Lânbou en Fiskerij fan maaie oant juny 2007. Sûnt wie se yn it twadde kabinet-Fillon minister fan Ekonomyske Saken en letter yn it tredde kabinet-Fillon wer. Sy wie de earste frou yn G8-lân dy't dy funksje beklaaide.
July 2000 waard se mei de légion d'honneur ûnderskieden. Yn 2009 waard sy ta de froulju mei de measte ynfloed fan de wrâld rekkene.
Biografy
Lagarde waard berne as Christine Lallouette yn it IXe arrondissemint as dochter fan Robert Lallouette, in universitêr dosint — dy't stoar doe't sy santjin wie — en leararesse Nicole. Se hat trije jongere broers.[1] As tsiener beoefene se it synchroanswimmen en kaam yn it Frânske nasjonale team.[2]
Yn 2005 wie har kontrakt by Baker & McKenzie dien. Dominique de Villepin frege har doe foar de posysje fan ôffurdige minister fan Bûtenlânske Hannel. Lagarda har winsk wie om de Frânske arbeidswetjouwing nei it Angelsaksysk model te herfoarmjen en te liberalisearjen. Yn dy perioade die se mei oan de ûnderhannelingen mei de Wrâldsûnensorganisaasje. [3]
In moannelang wie sy minister fan Lânbou yn mei 2007, oant sy Jean-Louis Borloo opfolge as minister fan Ekonomyske Saken.