Chloë Moretz is hikke yn Atlanta, de haadstêd fan de Amerikaanke steat Georgia, en tein yn Cartersville yn de Bartow County. Heit, McCoy Lee Mortez, is plastysk sjirurch en mem, Teri Duke Moretz, is ferpleechkundige. Moretz hat fjouwer bruorren Brandon, Trevor, Colin en Ethan.
Doe't har broer Trevor Duke Moretz mei aktearjen út ein sette, krige Moretz ek niget oan yn aktearjen. Mortetz spile har earste rôl yn de telefyzjesearje The Guardian. Har debút as filmaktrise wie yn 2005 mei de rol fan 'Molly' yn Heart of the Beholder en hja die ek mei yn de horrorfilm The Amityville Horror. In jier hie hja in rôl yn de komeedzje Big Momma's House 2.
Yn 2010 hat Moretz mei har rôl as 'Hit Girl' yn de aksjefilm Kick-Ass in ynternasjonaal súkses. Yn 2011 spile Chloë Moretz 'Isabelle' yn 'e film Hugo. Moretz hat ek in protte niget oan moade.[1]