It Chippewa Island Reservaat (Ingelsk: Chippewa Island Reserve) is in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario, dat bestiet út twa lytse eilantsjes yn 'e Tolvemylsbaai. Dat is in ynham dy't ta de folle gruttere Georgiaanske Baai heart, dy't wer diel útmakket fan 'e Hueronmar, ien fan 'e fiif Grutte Marren.
It Chippewa Island Reservaat hat in oerflak fan 3,1 ha, en leit binnen de grinzen fan it distrikt Muskoka, hoewol't it dêr bestjoerlik fierhinne los fan stiet. It reservaat hat gjin permaninte bewenners, en wurdt dield troch trije Yndiaanske stamme-organisaasjes, te witten: de Beausoleil Earste Naasje, de Tsjippewa's fan Georgina Island Earste Naasje en de Tsjippewa's fan Rama Earste Naasje. Dat binne trije stammen dy't histoarysk nauwe bannen ûnderhâlde, en wêrfan't de leden etnyske Odjibwe (Ojibwe) binne, dy't ek wol Tsjippewa (Chippewa) neamd wurde.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes