Catherine waard grutbrocht yn Chapel Row ûnder Bucklebury, in doarp tichteby Newbury, Berkshire en studearre yn Skotlân oan de Universiteit fan St Andrews, dêr't hja ek prins William moete yn 2001. Sy krigen ferkearing. Yn 2007 wiene sy in pear moannen út elkoar, mar letter dat jier rekke it wer oan.
Yn de oanrin fan it houlik wie sy al geregeldwei te finen by in tal plechtichheden fan it Keninklik Hûs. Sy krige wurdearring foar har gefoel foar moade. Doe't har ferhâlding mei William bekend wie, krige sy in soad omtinken fan de media en waard der fûl spekulearre op in eventueel houlik. Op 16 novimber 2010 waard harren ferloving offisjeel bekendmakke. Catherine Middleton boaske oan Prins William op 29 april 2011 yn de Abdij fan Westminster yn Londen.