Gauss hie in opmerklike ynfloed op in soad dielgebieten binnen sawol de wiskunde as oare eksakte wittenskippen. Hy wurdt soms de prins fan de wiskunde neamd. Gauss wurdt sjoen as ien fan de meast ynfloedrike wiskundigen út de skiednis. Gauss referearde oan de wiskunde as "de keninginne fan de wittenskippen".
Gauss wie in wûnderbern. Op jonge leeftiid joech hy al tekenjen fan grutte oanlis op it mêd fan rekkenjen en letter wiskunde. Syn earste baanbrekkende wiskundige ûntdekkingen die hy al doe't hy noch in tsiener wie. Syn haadwurk, de Disquisitiones Arithmeticae foltôge hy yn 1798, op 21-jierrige leeftiid. Dit wurk wie fan fûneminteel belang yn de konsolidaasje fan de getalteory en jout oant hjoed de dei foarm oan dit dielgebiet fan de wiskunde.
Oer de markante persoanlikheid fan Gauss binne troch de jierren hinne in tal anekdoates bewarre bleaun.
Op 3-jierrige leeftiid soe hy in rekkenfout fan syn heit ferbettere hawwe.
Op it earste tentamen dat hy organisearre slagge mar ien studint: August Ferdinand Möbius. Gauss stie letter ek yn foar de oplieding fan wiskundigen lykas Riemann.
Dizze anekdoates binne werom te finen yn it boek "Die Vermessung der Welt" (Ned. oersetting "Het meten van de wereld", 2006) dy't de Dútske auteur Daniel Kehlmann yn 2005 skreau oer Gauss en syn tiidgenoat en wrâldreizger Alexander von Humboldt, yn 2006 it bêst ferkochte boek yn Dútslân.