CNN USA is in Amerikaanske kabel- en sattelyttillefyzjestjoerder dy't yn 'e Feriene Steaten Ingelsktalige nijsprogramma's en eftergrûnrubriken útstjoerd. De offisjele namme is sljochtwei CNN, dat foar Cable News Network ("Kabeltillezyzje-nijsnetwurk") stiet, mar bûten de Feriene Steaten wurdt ornaris fan CNN USA (of ek wol fan CNN/U.S.) sprutsen om betizing foar te kommen mei de susterstjoerder CNN International, dy't yn 'e rest fan 'e wrâld bekend stiet as "CNN". CNN USA waard yn 1980 oprjochte troch tillefyzjeprodusint Ted Turner, as de earste foltiidsnijsstjoerder fan 'e wrâld. De stjoerder is eigendom fan 'e Turner Broadcasting System-difyzje fan 'e mediagigant Time Warner.
Beskikberens en susterkanalen
Yn augustus 2010 wie CNN USA beskikber yn mear as 100 miljoen Amerikaanske húshâldings en 890.000 Amerikaanske hotelkeamers. De stjoerder is ek fia kabel en satellyt beskikber yn Kanada. It haadkertier is it saneamde CNN Center, yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia. CNN USA hat ferskate susterkanalen, wêrfan't CNN International fierwei de bekendste is. In folsleine opsomming is:
Ophefte susterkanalen
Susterkanalen dy't ûnderwilens net mear besteane, wiene:
Boarnen, noaten en referinsjes