Jellema debutearre 1961 mei in tal gedichten yn literêr tydskriftDe Gids. Yn it earstoan krige syn wurk mar in bytsje omtinken, mar yn 1981 briek er foarfêst troch mei de bondel De schaar van het vergeten.
Jellema sike yn syn iere gedichten nei in ferhâlding tusken de 'ferteller' yn it gedicht, en de wrâld bûten dy 'ferteller'. Letter spilet 'de tiid' in wichtige rol yn syn wurk. Yn in stikmannich bondels besiket er in syntese tusken 'fielen' en 'tinken', as emoasje en ratio, stal te jaan. De gedichten fan C.O. Jellema wurde skaaimerke troch in strakke foarm, en geregeldwei brûkt er de sonnetfoarm.
Fan 1989 ôf oant syn dea wenne C.O. Jellema yn it monumintale hûs 'Oosterhouw' yn Liens, tegearre mei de túnarsjitekt Klaas Noordhuis, mei wa't er in moanne foar syn dea troude.