Boccia is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. Dy smytsport is ferlykber mei petanque en wordt beoefene troch sporters mei in harsenferlamming as mei oare slimme motoaryske beheinings. It is ien fan de trije Paralympyske sporten dy’t gjin Olympyske tsjinhinger hat.
Skiednis
Boccia stiet fan 1984 ôf op it programma. Der wie destiids in aparte kompetysje foar manlju, froulju en mingde klassen. Fan de twadde edysje ôf wurdt der allinne noch mar yn mingde klassen spile.
Klassifikaasje
Fan 1984 oant en mei 1996 waard der wurke mei de klassen C1 oant C2
Fan 2000 ôf waarden dit BC-klassen rinnend fan 1 oant en mei 4.
- BC1 - Spilers goaie de bal mei de hân as mei de foet. In assistint mei helpe by it stabilisearjen en oanpassen fan de stoel en de bal oanjaan oan de spiler.
- BC2 - Spilers goaie mei de hân. Assistinsje is net tastien.
- BC3 - Spilers meie helpmiddels brûke. In assistint mei helpe, mar dy moat mei de rêch nei it spylfjild ta stean en har eagen fan it spul hâlde.
- BC4 - Assistinsje is net tastien.
Eveneminten
Der wurdt yn ien as meardere klassen om de medaljes striden.
Keppeling om utens