Davids wie in soan fan diamantsliper Nehem Davids en Rosa Dinner/Dünner. Hy wie fan memmekant in pakesizzer fan rektor Joseph Hirsch Dünner. Hy troude mei Erika Feuchtwang, sy krigen trije bern.
Davids waard 1924 beneamd ta opperrabbyn fan it synagogaal resort Fryslân. Yn 1927 gie er oer nei Grinslân, dêr't er de jong ferstoarne Abraham Asscher opfolge. Op 6 april1930 waard er ynstallearre as opperrabbyn fan it resort Rotterdam.
Yn de Twadde Wrâldkriich wegere Davids om ûnder te dûken, hy woe ticht by syn minsken stean bliuwe. Hy waard lykwols arrestearre en op 7 juny1943 mei syn húshâlding oerbrocht nei kamp Westerbork. Op 11 jannewaris waard er op transport set nei konsintraasjekamp Bergen-Belsen, dêr't er in moanne letter yn de âldens fan 49 jier stoar.