Bolomey wie in soan fan hotelhâlder François Louis Bolomay en Pernette Mercier.[1]
Hy wie learling fan François Boucher yn Parys, dêr't er fan 1751 oant 1762 wenne. Yn 1763 ferfear er nei De Haach, dêr't er fan 1777 ôf direkteur fan Academie Pictura wie. Bolomey wie hofskilder fan erfsteedhâlderWillem V. Hy skildere ferskate portretten fan pommeranten fan syn tiid. Yn 1791 festige er him wer yn Lausanne en waard dêr lid van de Grutte Ried fan Vaud .