|
|
flagge |
wapen
|
|
|
lokaasje
|
|
polityk
|
lân |
Nederlân
|
provinsje |
Limburch
|
boargemaster |
Eric Geurts (PfdA)
|
sifers en geografy
|
haadplak |
Nuth
|
grutste plak |
Nuth
|
ynwennertal |
35.877
|
befolkingstichtens |
459 /km²
|
oerflak |
78,49 km²
|
● wêrfan lân |
78,30 km²
|
● wêrfan wetter |
0,19 km²
|
tal doarpen |
15
|
ferkearsieren |
A76, A79, N276, N298, N300, Ring Parkstêd Limburch
|
skiednis
|
oprjochte |
2019
|
oant 2019 |
Onderbanken Nuth Schinnen
|
oar
|
netnûmer |
045/046
|
postkoade |
6155, 6174, 6333, 6336, 6360-6365, 6436-6439, 6447, 6450-6451, 6454, 6456
|
tiidsône |
UTC +1
|
simmertiid |
UTC +2
|
webside |
www.beekdaelen.nl
|
Beekdaelen is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Limburch. De gemeente is op 1 jannewaris 2019 ûntstien troch in fúzje tusken de gemeenten Onderbanken, Nuth en Schinnen. De gemeente hat 35.877 ynwenners.
Skiednis
Weryndelings proses
- Desimber 2015: De gemeenterieden fan Onderbanken en Schinnen nimme in yntinsjebeslút oer harren foarnimmen om in foarkar foar weryndieling út te sprekken; yn maaie 2016 hat de gemeente Nuth dat beslút ûnderskreaun.
- 1 novimber 2016: De gemeenterieden fan Onderbanken, Nuth en Schinnen (fan doe ôf ONS) bepale it weryndielingsûntwerp en de datum fan it begjin fan de gemeente.
- Febrewaris 2017: Nei in perioade wêryn't ynwenners en oare belangstellenden beswier meitsje koene fia in advys, nimme de gemeenterieden fan ONS it weryndielingsûntwerp fêst en stjoere it nei de Deputearre Steaten fan Limburch.
- Maart 2017: De nije namme wurdt bepaald nei in referindum.
- 28 maart 2017: De gemeenterieden fan ONS binne it iens mei it weryndielingsadvys.
- April 2017: Deputearre Steaten stelt in advys op dat tegearre mei it weryndielingsadvys trochstjoerd wurdt nei de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. Hy nimt in definityf beslút oer de weryndieling en leit it foar oan de Earste Keamer en de Twadde Keamer fan de Steaten Generaal.
- 21 novimber 2018: Gemeenteferkiezings foar de nije gemeente.
- 1 jannewaris 2019: Start gemeente Beekdaelen.
Namme
De nammekommisje makke in kar út 79 jildige nammesuggestjes foar de fúzjegemeente. Ynwenners fan 12 ier en âlder mochten kieze út de nammen Beekdaelen, Beemdenrade en Bekenrade. De namme Beekdaelen krige sa’n 75% fan de stimmen. Beekdaelen is foar de trije gemeenten in ferbinende namme troch de streamdalen en rivieren dy't yn it gebiet streame.
Plakken
De gemeente bestiet út de folgjende plakken.
Nederlânske namme
|
Limburchske namme
|
Ynwenners
|
Nuth
|
Nut
|
6.515
|
Schinveld
|
Sjilvend
|
4.640
|
Hulsberg
|
Hölsberg
|
3.960
|
Oirsbeek
|
Oe(ë)sjbik
|
3.735
|
Schimmert
|
Sjömmert
|
3.195
|
Schinnen
|
Sjènne
|
2.685
|
Amstenrade
|
Austroa
|
2.675
|
Puth
|
Pöt
|
2.245
|
Wijnandsrade
|
Wienesroa
|
1.640
|
Merkelbeek
|
Merkelbek
|
1.615
|
Doenrade
|
Doonder
|
1.100
|
Bingelrade
|
Bèngelder
|
810
|
Jabeek
|
Jaobik
|
705
|
Sweikhuizen
|
Zjweikese
|
585
|
Polityk
Gemeenteried
Side
|
persintaazje
|
Stuollen
|
|
2018
|
2022
|
2018
|
2022
|
Vernieuwingsgroep
|
21,0%
|
25,6%
|
6
|
7
|
Beekdaelen Lokaal
|
19,0%
|
21,8%
|
5
|
6
|
CDA
|
28,0%
|
20,3%
|
7
|
5
|
GrienLinks
|
9,8%
|
11,6%
|
2
|
3
|
VVD
|
10,8%
|
10,9%
|
3
|
2
|
D66
|
4,9%
|
5,6%
|
1
|
1
|
PVDA
|
5,0%
|
4,3%
|
1
|
1
|
Opkomst
|
52,5%
|
52,5%
|
25
|
25
|
Boargemaster
Eric Geurts is sûnt 22 augustus 2019 boargemaster fan de gemeente Beekdaelen.
Kultuer en religy
Yn de nije gemeente is in grut oantal kulturele ferieningen aktyf. Elke kearn hat ien of meardere harmonyen of fanfares. Ek hawwe 15 plakken in skutterij.
parochytsjerken
Elk tsjerkedoarp hat in parochy mei in eigen parochytsjerke. De parochytsjerken binne:
Fierder binne der yn de gemeente in grut oantal dykkrussen en kapellen. Ek binne der ferskate kleasters. Foarbylden bin it Landgoed Aalbeek en it Klooster Ravensbosch.
Sjoch ek