It gebou kaam yn fjouwer fazes ta stân. Yn de earste boufaze fan de tsjerke, dy't duorre fan 1394 - 1399, waard it koar boud. Dêrnei waarden it transept en de eastlike travee fan it skip boud, wat yn 1417 foltôge waard. Dêrnei waard it wurk oant 1452 stillein. Yn 1454 wie it skip klear. Fan 1463 - 1484 folge as lêste de toer, bekend ûnder de namme Piperbus om de lantearne mei koepeldak út 1540.
Tusken 1580 en 1810 is de basilyk foar ferskate net-tsjerklike doeleinen brûkt. Yn 1809 waard de tsjerke weromjûn oan de katoliken, dy't it gebou nei de needsaaklike reparaasjes yn 1811 wer yn gebrûk namen. By in restauraasje waarden yn 1871 sydbeuken tafoege; yn 1975 waarden dy wer ôfbrutsen.
De tsjerke kaam lanlik yn it nijs nei't yn de nacht fan 19 op 20 augustus 2017 doe't it gebou bekladdere wie mei anty-kristlike gjalpen yn breklik Nederlânsk.[1]
It besjen wurdich
Sûnt Pinksteren 2006 wurde hjir de resten bewarre fan Thomas a Kempis. Dy leine oarspronklik begroeven op Begraafplak Berchkleaster, dêrnei waarden se bewarre yn de Sint-Michaelstsjerke dy't yn 2005 tichtgie.
Ek wurdt dêr in byld fan Sint-Michael bewarre, de skutspatroan oan de stêd Swol. Dat is ôfkomstich fan de eardere Diezerpoarte.