In basilica maior ('grutte basilyk') is in roomsk-katolyk tsjerkegebou fan de heechste status. Der binne seis basilica maiores dy't alle seis yn Itaalje steane: fjouwer yn Rome en twa yn Assisi. Alle oare tsjerken mei de earetitel basilyk binne saneamde basilicae minores.