De Balleny-eilannen is in string fan fulkanyske eilannen yn de Súdlike Oseaan. De groep bestiet út trije haadeilannen, Young, Buckle en Sturge-eilân. De lytsen binne de Row, Borradaile, Sabrina, en Monolith Eilannen. De Ingelske walfiskfarders John Balleny en Thomas Freeman krigen de eilannekloft yn 1839 yn 't sicht. Freeman wie de earste persoan dy't dêr oan lân gie, op 9 febrewaris1839. It totale oerflak fan de eilannen is likernôch 780 km², en it heechste punt is de noch net beklommen Brown Pyk (1524 m) op Sturge-eilân.