Autódromo José Carlos Pace is in Brazyljaansk sirwky foar autosport. It sirkwy waard yn 1940 oanlein en hjitte oant 1985 Autódromo de Interlagos, mar krige doe de namme fan José Carlos Pace, in earder Formule 1 koereur dy't yn 1977 omkaam is by in fleantúchûngemak. Yn de folksmûle wurdt it sirkwy noch altyd Interlagos neamt, wat tusken de marren betsjut. Fanôf 1972 wurdt it sirkwy gauris brûkt foar de Grutte Priis fan Brazylje.