Escoffier wie sjef-kok yn Parys en ferskate lúksueuze hotels yn Europa, benammen yn Londen. Syn namme krige foaral klank troch syn boek Le Guide culinaire. Dat boek hat de âlde Frânske klassike itensiederij (la cuisine classique) herfoarme. De grutmaster Auguste Escoffier hat de fûneminten foar de Frânske itensiederskeunst fan no lein. Doe't Escoffier dwaande wie mei syn boek hie er de âlde styl fan itensieden yn 'e holle, mar geandewei brocht er spesjaliteiten fan oare lannen yn. Dêrom wie er de grûnlizzer fan de ynternasjonale itensiederskeunst, in wichtige ûntjouwing, dy't hjoed-de-dei as in part fan de Frânske gastronomy sjoen wurdt. Marie-Antoine Carême wie de 'kok fan keningen', Auguste Escoffier wie 'kening fan koks'. De teffens tige ferneamde Frânske kok Bocuse út Lyon hat de styl fan Escoffier fierder útboud.
1886 - Le Traité sur l' art de Travailler les Fleurs en Cire
1903 - Le guide culinaire, help yn de praktyske keuken. Yn 'e mande mei Philéas Gilbert en Émile Fétu. Yn Nederlân: Het Kookboek van de Klassieke Keuken.