De gemeente leit oan de kust fan it Kanaal, likernôch 11 kilometer noardeastlik fan Bayeux en 30 kilometer noardwestlik fan Caen.
Skiednis
By de alliearre lânings fan 1944 yn de Twadde Wrâldkriich lei Arromanches oan Gold Beach. Nei de lâning waard yn it ramt fan de operaasje foar de kust ien fan de twa keunstmjittige havens (Mulberry B) oanlein om troepen en materjeel oan lân te bringen. De resten fan de haven binne ek hjoeddedei noch te sjen.
Befolkingsûntwikkeling
Jier
1962
1968
1975
1982
1990
1999
2007
2018
Ynwennertal
298
339
355
395
409
552
609
481
Boarnen: Cassini en INSEE
Ekonomy
De befolking libbet fral fan it toerisme. Njonken in kemping wurde in soad sport- en frijetiidsaktiviteiten oanbean.
It besjen wurdich
Musée du Débarquement
Bioskoop Arromanches 360
De neoromaanske, healwei de 19e iuw boude, Sint-Pitertsjerke (Église Saint-Pierre)