De Arkansas hat har boarne ûnder Leadville, yn Kolorado, yn de Rocky Mountains en streamt dêrnei troch de steatenKansas en Oklahoma nei Arkansas dêr't sy yn de Mississippy útmûnet. De totale lingte fan de rivier is 2334 km; it is op trije nei de langste rivier fan de FS is. Belangrike stêden oan de Arkansas binne Wichita(Kansas), Tulsa (Oklahoma) en Little Rock (Arkansas).
De Arkansas waard foar it earst troch Europeeske ferkenners sjoen doe't lju fan de Coronado-ekspedysje fan 1541 de kontreien besochten. Jacques Marquette joech de rivier har namme. Tusken 1819 en 1846 wie de rivier foar in part de grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko.