De Santa MarÃa la Real de La Almudena ('Hillige Marije de Keninklike fan de Almudena') is in roomsk-katolikekatedraal yn Madrid.
Skiednis
De earste plannen foar de bou fan in nije katedraal datearje fan de 16e iuw. Mar it duorre noch oant de 19e iuw dat de earste stien lein waard en pas yn 1993 wie de bou foltôge. Yn dat jier wijde paus Jehannes Paulus II de katedraal oan de Hillige Marije fan de Almudena (Almudena is oer te setten as 'Sitadel', it komt fan it Arabyskeal-mudayna; de tafoeging is in titel fan Marije as patroanhillige fan de stêd). Tagelyk mei de wijing krige de tsjerke ek de status fan biskopstsjerke fan it Aartsbisdom Madrid. Sûnt de stifting fan it aartsbisdom Madrid yn 1885 tsjinne ynearsten de Colegiata de San Isidro as provisoaryske katedraal.
Alhoewol't de bou fan de katedraal yn neogoatyske styl útein sette, waard de katedraal lang om let foltôge as neoklassisistysk gebou om't dat better by it oangrinzgjende paleis paste. It ynterieur fan de Almudena-katedraal is fan neogoatysk oant modern, mei in troch ikoaneskilder Kiko Argüello oanbrocht pop-art dekor.
Op 22 maaie 2004 troude kroanprins Felipe fan Spanje mei Letizia Ortiz Rocasolano yn de katedraal. It wie de earste keninklike trouwerij yn de katedraal.
Op 7 febrewaris 2013 fûn in preester by in bychtsoel eksplosiven. De katedraal waard romme en sletten, sadat de springstof ûnskealik makke wurde koe.
Ynterieur
De katedraal is in trijeskippich gebou, dat oergiet yn in koer mei koeromgong, dêr't in krâns fan fiif kapellen oanslút. Oars as it eksterieur dat fral barok en neoklassisistysk is, is de tsjerke fan binnen neogoatysk. Ek in grut part fan it tsjerkemeubilêr is neogoatysk.
De kapellen lofts en rjochts fan it haadskip binne wijd oan minsken dy't in de 20e of 21e iuw iuw hillich ferklearre binne, lykas JosemarÃa Escrivá de Balaguer, Pedro Poveda, Maria Josepha San en de karmelitesse Maravillas de Jesús. Alle kapellen binne modern ynrjochte.
Bysûnder binne ek de ramen fan de katedraal, fral yn de apsis, dy't yn 2004 tafoege binne.
Oargel
Yn 1999 boude de Dútske oargelboufirma Gerhard Grenzing it oargel foar de katedraal, dat 70 registers op fjouwer manualen en pedaal telt.