Alloway (Skotsk-GaelyskAllmhaigh) is in earder doarp yn Skotlân dat opnaam is yn de stêd Ayr. It plak is ferneamd as berteplak fan de dichter Robert Burns en as it plak dêr't syn gedicht Tam o' Shanter him ôfspilet.
Alloway en omkriten waarden 1935 opnaam yn de eardere Royal Burgh of Ayr en it is no in foarstêd fan Ayr oan de rivier de Doon.
Robert Burns
It bertehûs fan Robert Burns, de "Burns Cottage", stiet yn Alloway, no njonken in museum dat de oarspronklike manuskripten fan syn poezy op 'e noed hat. Njonken de tsjerke stiet in 19e iuwsk betinkteken foar Burns, in ûntwerp fan de arsjitekt Thomas Hamilton.
De tichteby lizzende (ruïne) Alloway Auld Kirk en de âlde brêge oer de Doon (Brig o' Doon) komme foar yn it gedicht Tam O'Shanter en lûke no in protte toeristen. Burns syn heit, William Burnes, waard beïerdige yn de Auld Kirk. Om in 'spûkeftige sfear' te krijen, skynt der nachts in grien ljocht oer de ruïne.