Aldeboarn wie mûglik al yn de 8e iuw in wichtich hannelsplak oan de Boarn. Al yn de achtste iuw wienen der yn Fryslân twa gruttere plakken, Nordac (Dokkum) en Bordonchorn Aldeboarn. De namme moat eat betsjutten hawwe as: 'yn de hoeke fan de Burdo'. De apostel Bonifatius hat ear't er nei Dokkum gie yn 754 yn Aldeboarn Friezen dope. Op it plak fan de boarne dêr't Bonifatius út dope is in tsjerke boud en op dat plak is de Boarnster tsjerke altiten stean bleaun, al datearret de lêste bou fan goed tûzen jier letter.[2]. Mooglik hat Aldeboarn ek muntrjocht hân: der is in 11e iuwske munt fûn mei it opskrift 'Bordnere'.
Yn de tiid dat de Boarn in ferbining foarme mei de Middelsee hie Aldeboarn in protte skipfeart, wat skipbou en alle beroppen dy't dêrby hearre meibrocht. Dat hat ek yn de neikommende iuwen laat ta in protte nearing. Stadichoan is it belang fan it plak lykwols hieltyd lokaler wurden. Dy ûntwikkeling hat der lykwols al ta laat dat yn it doarp in karakteristike bou kaam, dy't no as beskerme doarpsgesicht oanwiisd is. Fuort nei de Twadde Wrâldoarloch wienen der wol 10 winkellju, 10 bakkers en wol 30 plakken dêr't wat makke of ferkocht waard. Troch it ferline hawwe der noch lang skippers en skipshellingen west. Der wiene doe earst noch in feartsjinst, in trijetal frachtriders en in busûndernimming. De grutste wurkjouwers wienen de Spar-gruthandel en it suvelfabryk; beide binne der no net mear.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 hearde Aldeboarn ta de gemeente Boarnsterhim, en foar de weryndieling fan 1984 lei it sûnt minskewitten yn Utingeradiel, dêr't it earder lang it haadplak fan west hie. Sûnt 1989 is de namme fan it doarp offisjeel Frysk.
Aldeboarn hie oan yn de 18e iuw in dowestiennen Pankratiustsjerke, dy't al yn de 13e iuw boud waard doe't it dekanaat Bornegoa syn sit yn Aldeboarn hie en wol fjirtich tsjerken en kapellen ûnder de Boarnster tsjerke foelen. Yn 1723 sloech it waar yn de tsjerketoer, dy't der dêrtroch sa min oan ta wie dat der in nije toer boud waard. De toer is 1736-1737 op 'e nij boude.
Jancko Douwama, dy't yn 1482 yn Aldeboarn berne wie, skreau dat de Magnusfane mûglik yn de tsjerke ferhoalen wêze soe. Dy soe fermuorre wêze, en it doarp wist ek krekt op hokfoar plak fan de muorre dat wie. Lykwols binne der gjin berjochten bekend oer de fynst fan in flagge doe't der yn 1753 in nije tsjerke by de toer boud waard. De hjoeddeiske tsjerke hat bysûndere souderskilderings en in oargel út 1779.
Boarnsters wurde tradisjoneel foar 'tuorkemjitters' útmakke. It ferhaal giet dat de Boarnsters by de weropbou fan de tsjerketoer de heechste fan Fryslân hawwe woenen. Yn dy tiid wie de heechste tsjerketoer fan Fryslân dy fan Tsjom, dat de Aldeboarnster gongen op besite yn dat doarp en brûkten in line om de hichte fan de Tsjomster toer te mjitten. Doe't se nei ôfrin wat dronken slagge it de Tsjomsters lykwols en snij in stik fan de line ôf. Sadwaande bleau de Tsjomster toer de heechste toer fan Fryslân. Om dit ferhaal hjitte de Tsjomsters fan Lyntsjesnijers en de Boarnsters fan Tuorkemjitters. De toer fan Tsjom is 72 meter heech, wylst de toer fan Aldeboarn 47 meter heech is.
Andringastate
Andringastate wie in state út de 17e iuw. De state waard troch grytman Augustinus Lycklama à Nijeholt yn 1768 op 'e nij boud. Nei it ferstjerren fan de lêste bewenner yn 1881 kaam de state yn besit fan de herfoarme gemeente, dy't it gebou op de westlike fleugel nei yn 1896 ôfbrekke liet om plak te meitsjen foar it hjoeddeiske Andringahûs.