Smallenbroek (ek wol 'A. Smallenbroek Jsn.') wie in soan fan arsjitekt Jan Smallenbroek. Hy boaske yn 1908 mei skippersdochter Grietje Vos (1884-1983). Se binne de âlden fan Jan Smallenbroek (1909-1974), dy't ûnder mear minister van Binnenlânske Saken wie en Albert Smallenbroek (om 1926 hinne) dy't boargemaster west hat.
Neist arsjitekt wie er ek bestjoerlid fan de bouferiening BOAZ yn Assen. Syn meast bekende bouwurk is de Sudertsjerke, mei kosterswent, yn Assen. Smallenbroek stoar yn Assen en waard dêr beïerdige op it Noarderbegraafplak.