Waard yn 1826 abbekaat yn Ljouwert. Yn 1830 teach hy as twadde luitenant fan de mobile skutterij nei de grinzen yn it ramt fan de Tsiendeiske Fjildtocht en waard by syn weromkomst sekretaris fan syn bertestêd (1832). Hy beoefene de Fryske Taal- en (rjochts)skiednis en stried foar behâld fan it Ateneum. Hy wie tusken 1843 - 1848 lid fan de Twadde Keamer, koart nei syn ferkiezing kantonrjochter fan it kanton Harns en tusken 1850 en 1856 steatelid. Wie ek sekretaris fan Constanter en it Frysk Genoatskip (1830). Oardere it Frjentsjerter argyf.
Wurk
De maatschappij tot Nut van 't Algemeen, een Christelijke instelling, feestrede (Frjentsjer 1834)