Age Wijnalda wie de twadde soan fan Piter Harmens en waard riddere troch de Kening fan Grut-Brittanje (yn it Herrenhausen-paleis, Hannover)[4] foar syn fertsjinsten foar de kroan - wierskynlik fanwege drystens yn in fjildslach, meidat der in helm yn syn wapen sit. Hy studearre oan it Remonstrante seminarium fan Amsterdam en stie dêrnei earst yn Emden 1733-1736 eardat er nei Haarlim ferfarre.[5]