Van der Poel hie in ymposante karriêre mei seis klassiker oerwinningen, twa etappe oerwiningen yn de Omgong fan Frankryk en it wrâldkampioenskip fjildriden yn 1996. Hy behelle boppedat yn protte eareplakken yn wichtige wedstriden, sa waard er twadde op it wrâldkampioenskip op de dyk yn 1983 en helle er fiif twadde plakken op wrâldkampioenskippen fjildriden.
Hy begûn syn karriêre op de dyk, en foel al yn syn earste seizoen by de profesjonele fytsers op mei twadde plakken yn Parys-Nice en de Waalske Pylk. Geandewei syn karriêre gie er ek fjildriden om it hiele jier yn kompetysje bliuwe te kinnen. Al gau die bliken dat er yn dy dissipline by de wrâldtop hearde en de lêste jierren fan syn karriêre hold er him suver allinne noch mei it fjildriden dwaande.
Adrie van der Poel waard yn syn karriêre twa kear op doping trappearre. Yn 1983 rûn er tsjin de lampe fanwegen strychninegebrûk. It ekskús dat er opfierde wie: "Ik heb duivenvlees gegeten, en die duivenmelkers drogeren hun beesten, dus vandaar". Yn 1984 waard er by de Omgong fan Sisylje betrape op it ferbeane middel efedrine. Dit middel wie ôfkomstich fan in hoastdrank dy't er nommen hie tsjin ferkâldheid, hy waard foar trije moannen skorst.
Yn 1986, it jier dat er de Omgong van Flaanderen wûn, waard er ûnderskieden mei de Gerrit Schulte Trofee foar de bêste Nederlânske profhurdfytser. Adrie is boaske mei in dochter fan de Frânske hurdfytser Raymond Poulidor.