Under prima omstannichheden waard op 3 febrewaris1954 in tiid riden dy't 31 jaar lang net ferbrutsen wurde soe: 7 oeren en 35 minuten. De einsprint wie spannend, om't op it lêste stik oer de Noarderbrêge klune wurde moast. Aad de Koning sprinte mei Jeen van den Berg, Jan Charisius, Anton Verhoeven en Jeen Nauta oer de laach strie nei it lêste stik iis ta. Dêr foel Charisius, en Van den Berg en Verhoeven sprinten. Yn de gaos tochten se oer de finish te gean, mar krigen se te let foar 't ferstân dat de einstreek 500 meter fierderop lei. Jeen van den Berg gie úteinlik as earste oer de finish, en Aad de Koning waard twadde.