Paus Stefanus VI hâldt in skynproses tsjin syn ferstoarne foargonger Formosus, de Kadaversynoade. It lyk fan Formosus wurdt opgroeven en útdost yn pauslike gewaden, offisjeel berjochte en feroardield fan bigamy. Trije fingers fan syn hân wurde as straf ôfkapt, it lyk ûntklaaid en yn de Tiber goaid. Foar dizze wandie wurdt Stefanus VI ôfsetten en smoard.